Himmelomer Doarpsliet

HIMMELOMER DOARPSLIET

Wize:  it heitelân
Skreaun
: Wiebe de Jager 

Himmelom, do leaf lyts plakje

Tusken Mar en Bosken yn
Mei dyn hichten en dyn lichten
Leist glinst’rjend yn ‘e sinneskyn
Leuwen âld is al dyn namme
Kaamst al foar yn ’t heidendom
Mar do bliuwst foar ús bewarre  }  2x
Bliuwst
ús leave Himmelom

Dêr op ’t heech, mei bliere útsjoch
Oer de greiden, bou en mar
Dêr’t de Soal is en de Klaster
Om te kuij’rjen romste kar

Lâns ’t Fort en troch de Maren
Oer it Heech en Nijbuorren om
By Fûgelhoek en lâns de Moarre   } 2x
Alles
is dêr Himmelom

(trochsnee wurde de earste 2 kûpletten songen)

Himmelom, dat keine plakje
Is it wenjen tige goed
Doarpsbelang
sil oer ús weitsje
Stiet foar ‘t doarpke tige noed

Doarpsbelang bynt mei de minsken
Hjir in tige fêste bân
’t Hâldt it roer rjocht yn ‘e hannen   } 2x
Ek ta heil fan ’t Heitelân.

Powered by