Himmelomer Doarpsliet
HIMMELOMER DOARPSLIET
Wize: it heitelân
Skreaun: Wiebe de Jager
Himmelom, do leaf lyts plakje
Tusken Mar en Bosken yn
Mei dyn hichten en dyn lichten
Leist glinst’rjend yn ‘e sinneskyn
Leuwen âld is al dyn namme
Kaamst al foar yn ’t heidendom
Mar do bliuwst foar ús bewarre } 2x
Bliuwst ús leave Himmelom
Dêr op ’t heech, mei bliere útsjoch
Oer de greiden, bou en mar
Dêr’t de Soal is en de Klaster
Om te kuij’rjen romste kar
Lâns ’t Fort en troch de Maren
Oer it Heech en Nijbuorren om
By Fûgelhoek en lâns de Moarre } 2x
Alles is dêr Himmelom
(trochsnee wurde de earste 2 kûpletten songen)
Himmelom, dat keine plakje
Is it wenjen tige goed
Doarpsbelang sil oer ús weitsje
Stiet foar ‘t doarpke tige noed
Doarpsbelang bynt mei de minsken
Hjir in tige fêste bân
’t Hâldt it roer rjocht yn ‘e hannen } 2x
Ek ta heil fan ’t Heitelân.
